Twahûndert fertutearze kij yn beslach naam yn Oerterp

22 apr 2016 - 12:41

Op in buorkerij yn Oerterp hat de NVWA fan 'e moarn twahûndert kij yn beslach naam. Op it bedriuw rûnen sa'n trijehûndert kij om en neffens de ynstânsje is der sprake fan in slimme oerbesetting. Der binne sike en ferwûne kij by.

It totale tal kij sil werombrocht wurde nei in oantal dat yn de stâl ûnderbrocht wurde kin. De eigener fan it boerebedriuw en syn heit binne oanhâlden, foar bedriging. Alle kosten fan de operaasje wurde op de boer ferhelle.

By it boerebedriuw wienen al earder oertrêdingen konstatearre troch de NVWA, der wie ferskerpe tafersjoch, mar it wolwêzen fan de bisten wie no earnstich yn gefaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)