Tapir Doutzen deagien yn AquaZoo Ljouwert

22 apr 2016 - 12:30
  • Doutzen (l) en har mantsje Epke by de earste swimles fan Tinus

AquaZoo yn Ljouwert moat fierder sûnder de tapir Doutzen. De 3-jierrige publykslûker is tongersdeitenacht deagien. De fersoargers fan de bistetún fernamen al in pear moannen dat it net goed gie mei it tapirwyfke, mar koenen net útfine wat der no krekt oan de hân wie.

De tapir wurdt freed oerbrocht nei de Faculteit Diergeneeskunde yn Utrecht. Dêr wurdt ûndersyk dien nei de deadsoarsaak fan it bist.

Doutzen wie ek te sjen yn it programma Us Dieretún op Omrop Fryslan. Ferline jier krige se har earste en iennichste jong, Tinus, dy't no tsien moannen âld is. Tapirmantsje Epke en Tinus ha moarns ôfskie naam fan Doutzen. Haad bistefersoarging Stephanie Jessen fan AquaZoo: "Ze deden dit vooral door aan haar gezicht te likken en piepende geluidjes te maken die je normaal nooit hoort bij tapirs. Ze hebben er dus echt verdriet van. En wij ook."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)