Amsterdammer Brave begeliedt fúzje Noardeast-Fryslân

It gemeentehûs fan Dantumadiel © Omrop Fryslân
Fritjof Brave fan Amsterdam is beneamd ta ynterim-direkteur fan de amtlike organisaasje fan de fjouwer fusearjende gemeenten yn Noardeast-Fryslân. Hy moat it fúzjeproses tusken Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân begeliede. De fúzje moat 1 jannewaris takom jier in feit wêze.
Brave wurket by buro Berenschot. Nei de fúzje nimt de earder beneamde direkteur Ruthger Schoonderbeek de lieding fan de amtlike organisaasje wer oer.