Fryske Twitterdei sukses: goed 9 miljoen minsken lêze #Frysk
De Fryske Twitterdei is neffens de organisaasje goed slagge. Al om acht oere moarns stie de hashtag #Frysk tusken de meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter. Tweets yn it Frysk kamen fan oer de hiele wrâld: fan Sweden oant Súd-Afrika. Bekende Friezen as Jorrit Bergsma, Iris Kroes, Jelle B en Sietske Poepjes diene mei oan de Fryske Twitterdei.
De hashtag #Frysk is by mear as njoggen miljoen minsken ûnder eagen kommen. Dat is twa miljoen mear as ferline jier. De dei is in inisjatyf fan de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk.