Modelspoarmuseum krijt treinfoto's út priveekolleksje

Aagje, de oansteande fan masinist De Koning © Nationaal Modelspoor Museum
It Modelspoarmuseum yn Snits hat út in priveekolleksje treinfoto's út 1941 krigen. Neffens it museum jouwe de foto's in moai byld fan it wurk fan in masinist op it stasjonsterrein yn Ljouwert.
Yn oarlochstiid ried masinist De Koning op de trajekten tusken Ljouwert en Starum en tusken Ljouwert en Harns. Op ien fan de foto's is Aagje, de oansteande fan masinist De Koning te sjen, wylst se út de lokomotyf hinget. De foto's binne oant july te sjen yn it Modelspoarmuseum.