Kollum: "Gûle om in hurdfytser"

22 apr 2016 - 09:46
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"It famke sit op in tsjerkebankje. Boppe har holle hingje wielershirts fan grutte hurdfytsmasters. En faantsjes. Se binne moai rjocht boppe elkoar opprikt. De lippe fan it famke begjint te triljen. Der stiet wetter yn har eagen en der komt no ek snot út har noas. Fan it tsjerkebankje ôf goait se in grauwe gûne yn it kearskesapparaat. As je dêr jild yngoaie, begjint er in elektrysk kearske te brânen.

Ik sit al in skoftsje nei har te sjen. Ik sit ek op in tsjerkebankje, rjocht tsjinoer it famke. We sitte hjir yn in nuver hurdfytstsjerkje yn Lombardije, in provinsje yn Italië. It hjit de Santuario della Madonna del Ghisallo. Hjir kinne hurdfytsfanaten helden as Fausto Coppi en Eddy Merkcx fereare. As it peloton hjir yn de Giro d'Italia foarby fytst, liede de klokken. In protte hurdfytsers slaan in krúske as se der by del fytse.

In jier letter sil ik hjir yn de kapel in katolike mis bywenje mei in stokâlde pryster dy't oan ien stik troch tetteret en neffens my sa dôf is as in kwartel. Hy docht de kommuny tusken de fytsen, hy preket tusken glimmende bekers, tusken wielershirts en alle oare hurdfytsreliken dêr't it tsjerkje mei folproppe stiet. Hjir hingje gjin ôfbyldingen van Maria mei Jezus, mar de portretten fan hillige hurdfytsers. Se ha noch krekt gjin aureoal om 'e holle. Foar de katolike besikers fan de mis is it de normaalste saak fan de wrâld. Mar it liket wol in slapstick.

Werom nei it famke dat er sa fertrietlik sit te wêzen. Ik ha mei har te dwaan. Soe har heit ferstoarn wêze? Of har feint dy't ek graach fytste? Soe se sels krekt stoppe wêze mei hurdfytsen en yn it ferneamde swarte gat lizze? No, ik kin jo sizze, it is neat fan dat alles. Se is idolaat fan hurdfytser Andy Schleck en se sit hjir omdat hy fan syn fyts stapt is.

Se folget dizze goodlooking guy oeral. Mar no is er, krekt foar de beklimming fan dizze berch dêr't dit katolike tsjerkje boppe-op stjit, ôfstapt yn de Giro. Hy hie lead yn de poaten. Sy stie oan de kant fan de dyk te wachtsjen oant hy foarby fytse soe. Mar hy kaam net. Se seach him efteryn de biezemwein sitten. En dêrom sit se no te gûlen.

Sa fier kin it dus gean he, de leafde foar hurdfytsen. Dat je dus dwerstroch binne fan it feit dat in hurdfytser net fierder kin. Andy Schleck is ûnderwilens hielendal stoppe mei fytsen en it famke trof ik in pear jier lyn. Ik moast der wer oan tinke omdat de Giro der oan komt. En dy start hjir yn Nederlân.

Ik fyn it machtich, dat in sport as hurdfytsen sokke ferskuorrende heftige emoasjes oproppe kin. Leafde en lijen en lilkens, it rint allegearre troch elkoar. Guon fytsers wurde as helden fereare mar kinne in lyts jier letter like hurd as dopingsonders fan harren sokkels ôfdonderje. En dan sílle en moatte se lije.

Hurdfytsen is in yn-, en yn-religieuze sport. It skynt dat it oait troch de Roomsk-Katolike tsjerke promoot is, om de lusten fan puberjonkjes te bedimjen. Sa fan, set se mar op in keihurd seal, dan fergiet de sin yn seksuele hannelingen fansels. Earme stumperds. It seal as boetedwaning. Gjin boetekleed mar blauwe ballen. Dus doping as net, ha genede mei de hurdfytsers. Se lije al mear as genôch.

Oer twa wiken begjint de Giro yn Nederlân. Ik hoopje dat it famke dan ek wer oan de kant fan de dyk stiet en dat se in nije hurdfytsleafde hat om te ferearen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)