Ljouwert fiert Nasjonale Dei fan it Siedzjen

Ljouwert stiet freed yn it teken fan it Pop-up Zaaifestival. It braaklân tusken it Súdfliet en de Saskiadwersstrjitten wurdt dan in buerttún dêr't omwenners mekoar moetsje kinne en griente en blommen kweekje kinne. Ek binne der kreamkes en workshops. De Rainbow Gardeners hâlde in optocht troch de stêd mei muzyk en struie ûnderweis siedsjes.
It festival is in inisjatyf fan ûnder oare de Fryske Miljeufederaasje en de Leerschool Permakultuur Friesland yn it ramt fan de Nasjonale Dei fan it Siedzjen en de Ynternasjonale Dei fan de Ierde.