Twa snorfytsers pakt foar riden mei drank op

22 apr 2016 - 07:07
  • Alkoholkontrôle (argyffoto)

De plysje fan Ljouwert hat twa snorfytsers pakt foar it riden mei drank op. In 20-jierrige Ljouwerter waard tongersdeitemiddei oanholden yn de Egelantierstrjitte en nei de blaastest die bliken dat hy tefolle drank op hie.

Freedtemoarn betiid betrape de plysje in snorfytser fan 37 jier op de Willemskade. Hy hie safolle dronken dat er in kursus oer alkohol yn it ferkear dwaan moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)