Boaiemdelgong Hjerbeam komt út op 46 sintimeter yn 2050

De boaiemdelgong by it doarp Hjerbeam komt út op 46 sintimeter yn it jier 2050. Dat sei Hans de Waal fan it Staatstoezicht op de Mijnen tongersdei op in ynformaasjebyienkomst oer it boaiemsakjen yn Noardwest-Fryslân. Yn it gebiet is sprake fan in nei-boaiemdelgong dy't pas op gong kaam, neidat gasbedriuw Vermilion ophold wie mei de gaswinning. Om de skea fan dat ekstra boaiemsakjen te ferwurkjen wurde de plannen fan de gebietskommisje oanpast.
De kâns dat it yn Frjentsjer en omjouwing ta ierdbevings komt lykas yn Grinslân soe lyts wêze.
De boaiemdelgong by Hjerbeam wurdt foar it grutste part feroarsake troch de gaswinning, mar ek de sâltwinning troch sâltfabryk Frisia en dêr boppe-op 'autonome boaiemdelgong' spylje in rol.
Gasbedriuw Vermilion partisipearret yn de plannen dy't makke wurde op de skea op te heinen. As boargers skea hawwe as gefolch fan boaiemsakjen, dan wurdt dat fergoede, seit wurdfierder Fokke Jansma fan Vermilion. It lestige hjirby is lykwols dat yn tsjinstelling ta yn Grinslân bewenners sels oantoane moatte dat boaiemdelgong as gefolch fan gaswinning de oarsaak fan de skea is.
Nulmjitting
Guon bewenners fan it doarp geane der dêrom ta oer om sels in 0-mjitting by har eigen hûs út te fieren. Hjirby wurdt de tastân fan it hûs wiidweidich neimetten en dokumintearre, sadat der bewiismateriaal is as der letter skuorren of oare problemen ûntsteane. De ynformaasjejûn yn kafee It Wapen fan Barradiel yn Tsjummearum luts sa'n 45 minsken. De jûn ferrûn rêstich.