Petysje kin spoarfytspaad Stiens-Jelsum net keare

Der komt in fytspaad op de âlde spoarbaan fan Stiens nei Jelsum, in massale petysje en in broeierich debat feroarje dêr foarearst neat oan. Omwenners wiene tongersdeitejûn mei sa'n 100 man nei de riedseal kommen om de petysje oan te bieden en te hearren wat de riedsleden en de wethâlder der fan seine.
De omwenners fine dat it fytspaad te breed wurdt en dat it dêrtroch in racebaan wurdt foar brommers. Ek binne sy benaud dat de picknickbanken by it paad feroarje yn hingplakken foar de jeugd.
Wethalder Van der Meulen tinkt dat soks foar te kommen is troch de banken op in goed plak del te setten. As it paad smeller makke wurdt, is it net mear geskikt foar minsken mei in skootmobyl of in rolstoel. De opposyje fynt dat de omwenners fierstente let by de plannen belutsen binne. De FNP frege sels om it hiele plan werom te lûken. Dêr is lykwols gjin mearderheid foar. De koälysje fan PvdA, CDA en VVD bliuwt achter it fytspaad stean. Wol is de wethalder frege om by de ynrjochting safolle mooglik temjitte te kommen oan de beswieren fan omwenners.