Sân gemeenterieden prate tagelyk oer weryndieling

21 apr 2016 - 22:29

De gemeenterieden fan sân gemeenten hawwe tongersdeitejûn in beslút naam oer in grut weryndielingsfoarstel. Yn dat foarstel komt Ljouwerteradiel by Ljouwert, wurde It Bilt, Menameradiel en Frjentsjerteradiel de nije gemeente Waadhoeke, en Littenseradiel wurdt opdield en komt yn parten by Ljouwert, Waadhoeke en Súdwest-Fryslân.

De weryndieling fan de gemeenten wurdt op 1 jannewaris 2018 definityf. Allinnich de gemeente Harns bliuwt dan noch oer as selsstannige gemeente yn it westen fan de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)