Fancy Fair AMS fan Frjentsjer smyt 26.000 op foar Edukans

21 apr 2016 - 21:20

De grutte aksje fan skoallemienskip Anna Maria van Schurman fan Frjentsjer hat tongersdei goed 26.000 euro opsmiten. De twa-jierlikse aksje giet nei fjouwer goede doelen wêrûnder Edukans en Topmoppies. Moarns wie der in fytssponsortocht en middeis wie der in grutte Fancy Fair yn en om de skoalle.

Trije dosinten hiene yn 24 oeren 50 taarten bakt, dy't ek ferkocht waarden foar it goede doel. It einbedrach kin noch heger wurde, omdat alle sponsorjild noch net binnen wie.

Ek waard der twaddehâns en selsmakke guod ferkocht, koe men de auto waskje litte en der wie in skiepskearder. De Fancy Fair fan de AMS is al sûnt de jierren tachtich in begryp yn Frjentsjer

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)