Undernimmingsried Caparis praat kollega's by oer problemen

21 apr 2016 - 20:19
  • Publyk by de gearkomste
  • De meiwurkers wurde bypraat

De ûndernimmingsried fan Caparis hat tongersdeitemiddei yn de Lawei yn Drachten de wurknimmers bypraten oer de situaasje binnen it bedriuw. Der kamen sa'n 125 minsken nei de byienkomst. Woansdei kaam nei bûten dat der neffens de UR in eangstkultuer hearsket by Caparis.

Caparis is al langer negatyf yn it nijs, ûnder oare fanwege finansjele tekoarten. Yn maart waarden twa direkteuren troch de tredde direkteur Gerrits oan de kant setten. It personiel waard dêroer pas ôfrûne moandei ynformearre.

De ûndernimmingsried is net bliid mei it fuortgean fan dy twa direkteuren, sy hiene dêr in goede gearwurking mei. Sy hiene neffens de UR hert foar de saak. De UR hat de problemen binnen it bedriuw ek oankaart by de acht gemeenten. Sy binne de oandielhâlders fan Caparis. "Maar wij kregen nul op het rekest. De gemeenten zeggen dat het een interne kwestie voor Caparis zelf is."

De ried fan kommissarissen bestiet noch mar út trije persoanen, foarsitter is Robert Veenstra. Neffens meiwurkers en ek âld-meiwurkers is hy de oarsaak fan de eangstkultuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)