Twa jier sel en tbs easke tsjin bernelokker út Veendam

21 apr 2016 - 20:01

Foar de rjochtbank yn Grins is tongersdei twa jier sel en tbs mei betingsten easke tsjin in man út Veendam dy't ferline jier in grut tal bern lestich fallen hat, ek yn Fryslân. De man kaam by boartersplakken en skoalpleinen yn Ljouwert en Drachten dêr't bern oan it boartsjen wiene en koe dan syn hannen net thúshâlde.

De fertochte wie al in pear kear earder feroardiele foar soksoarte misdriuwen. Njonken de selstraf en de tbs fynt it Iepenbier Ministearje dat de man ek ûnder elektroanysk tafersjoch komme moat as er frijkomt.

In eardere straf fan seis moanne dy't him ûnder betingst oplein wie soe him no echt oplein wurde moatte, fynt de offisier fan justysje. De rjochter docht oer twa wike útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)