Provinsje ferset him tsjin skalygas-winning

21 apr 2016 - 17:46

De provinsje Fryslân sil him fersette tsjin inisjativen foar it omheech heljen fan skalygas. Dat stiet yn it 4e Wetterhúshâldingsplan dat woansdei presintearre waard. Undersiken nei it saneamde fracking wurde ek net fuortendalik stipe troch de provinsje. De haadreden hjirfoar is dat de provinsje gjin risiko rinne wol op mooglike fersmoarging fan it grûnwetter.

It Wetterhúshâldingsplan giet foar in feilige en bewenbere provinsje mei sûne wettersystemen foar de mienskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)