Ynboedel La Place wurdt feild

21 apr 2016 - 15:34

De folsleine ynboedel fan it La Place restaurant yn Ljouwert komt tongersdeitemiddei ûnder de hammer. Fan 17.00 oere ôf kinne minsken in dikke wike biede op allerhande guod dat de ôfrûne jierren brûkt is yn it V&D restaurant. It giet dan bygelyks om restaurantmeubilêr, ôfwaskmasines, iismasines, kofjesetapparaten en dekoraasje.

De feiling is online, en minsken moatte it guod sels ophelje. De feiling slút op 29 april.

Trefwurden: 
feiling La Place V&D Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)