Rykswettersteat giet oan de slach mei brêge Skûlenboarch

21 apr 2016 - 15:28
  • Skûlenboarch

Rykswettersteat giet nije wike tongersdei en freed oan de slach mei de brêge Skûlenboarch oer it Prinses Margrietkanaal bij Jistrum. Der komme tydlik trije stielen platen achter it remmingswurk. Dat is bot fernield rekke troch in oanfarring in pear wiken lyn. Sûnt dy tiid kinne der gjin skippen troch de noardlike iepening.

As de stielen platen oanbrocht binne, kinne de skippen der wer del. Oan it begjin fan de simmer komme der nije stielen remmingswurken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)