Abe Lenstrastadion ûnderoan yn 'Grote VI-stadiontest 2016'

21 apr 2016 - 15:00

It Abe Lenstrastadion stiet ûnderoan yn de 'Grote VI-stadiontest 2016'. It fuotbalblêd Voetbal International beoardiele Nederlânske stadions op sfear en foarsjennings. Foaral op sfear skoarde de thúshaven fan SC Hearrenfean min: it stadion krige in trije.

SC Cambuur die it mei in sânde plak wat dat oanbelanget folle better, al tekene it blêd wol oan dat it Ljouwerter stadion heechnedich oan ferfanging ta is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)