Betinkingsplak deadlik ûngelok Jirnsum fernield

21 apr 2016 - 14:31

It betinkingsplak foar it 14-jierrich famke, dat ferline wike om it libben kaam by in ûngelok by Jirnsum, is fernield. Dat lit har heit witte op Facebook. It famke wie ien fan de fiif ynsittenden fan in auto, dy't troch ûnbekende oarsaak fan de dyk rekke, tsjin in beam fleach en dêrnei yn in sleat bedarre.

De plysje ropt yntusken minsken op, om har te melden as se mear witte fan de fernieling fan it betinkingsplak. Dêr stiene ûnder oare kearskes en blommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)