Alle kij melkfeehâlderij Tamsma mooglik dea troch botulisme

21 apr 2016 - 11:22
  • Kij yn de stâl (stockfoto)

De melkfeehâlderij fan Maatschap Tamsma in Jannum hat de folsleine feesteapel ferlern. It giet om 180 kij dy't deagien of ôfmakke binne. Nei alle gedachten hiene de bisten de sykte botulisme. 

Dat in hiele feestapel deagiet oan botulisme is útsûnderlik. It is in slimme fergiftigingsykte dy't seldsum is by kij. Je hearre it faak oer fûgels, mar by kij komt it minder faak foar en seker net yn sokke grutte oantallen. Dat seit Deborah Smits van gezondheidsdienst voor dieren in Deventer.
 

Kij dy't besmet binne mei botulisme krije ferlammingsferskynsels yn 'e bek en it achterein, faak gean se der oan dea. Se krije de sykte troch foer of drinkwetter dêr't botulismebaktearjes yn sitte. De sykte is net besmetlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)