Gea Hoeksma wint foarlêswedstriid foar brêgeklassers

21 apr 2016 - 11:01
  • Marrit (tredde), Hannie (twadde) en foarlêskampioen Gea

Gea Hoeksma fan skoallemienskip Liudger út Burgum is woansdeitejûn útroppen ta foarlêskampioen Read2Me fan Fryslân. Dat is de foarlêswedstryd foar brêgeklassers fan alle skoaltypen en in gearwurking fan de biblioteken en it fuortset ûnderwiis.

Hoeksma lies by Tryater yn Ljouwert foar út it boek 'Waanzin' fan Mel Wallis de Vries. Se giet no troch nei de lanlike finale op 26 maaie yn Amstelveen. De twadde priis wie foar Hannie Vries fan skoallemienskip Liudger yn Waskemar, tredde waard Marrit de Vries fan Singelland yn Burgum.

Iris Kroon fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert waard de PABO foarlêskampioen. Sy sil Fryslân fertsjintwurdigje op 19 maaie op de lanlike PABO-finale yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)