Senioaren wolle foarsjenningen ticht by hûs

21 apr 2016 - 10:28

Foarsjenningen op koarte ôfstân fan hûs binne foar senioaren tige wichtich. Sy binne mear lokaal oriïntearre as bygelyks jongeren. Dochs komme lokale foarsjenningen hieltyd mear ûnder druk te stean troch ûntwikkelingen as krimp en fergrizing.

Fasiliteiten wurde mear regionaal en dat is benammen in probleem foar senioaren dy't net sa mobyl mear binne. Dat docht bliken út in analyze fan it Fries Sociaal Planbureau.

Foar 65-plussers binne de húsdokter, supermerk en pinautomaat de wichtichste foarsjenningen om tichteby te wenjen, docht ek bliken út it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)