Wurkleazens is yn maart ôfnommen yn Fryslân

21 apr 2016 - 08:57

De wurkleazens yn Fryslân is yn maart mei 1,1 prosint ôfnommen oant hast 21.500 útkearingen. Dat meldt it UWV. It oantal nije WW-útkearingen gong yn hast alle sektoaren fan de Fryske ekonomy nei ûnderen, útsein de hannel. Dêr kamen mear wurkleazen by troch nije winkelfalliseminten. Yn fergeliking mei maart 2015 binne der no mear wurkleazen yn Fryslân. It giet dan om 8,7 prosint mear WW-útkearingen.

It oantal online fakatueres is it ôfrûne jier mei 18 prosint tanommen. Foaral yn de technyk binne minsken nedich.

De kommende moannen nimt it oantal fakatueres fierder ta troch it seizoenswurk yn de bou, lânbou en hoareka.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)