"Ajax de bettere ploech, mar penalty wie net terjochte"

21 apr 2016 - 07:19

Neffens SC Hearrenfean-trainer Foppe de Haan wie Ajax woansdei de bettere ploech, mar wie de penalty tsjin Kenneth Otigba net terjochte. Hearrenfean ferlear woansdeitejûn mei 2-0 thús fan Ajax. De Amsterdammers kamen yn de 57ste minút op foarsprong nei’t Milik út in penalty skoarde nei’t hands jûn wie oan Otigba.

De Haan fûn it absolút gjin penalty. Neffens him fluitsje skiedsrjochters oer it algemien te gau: "Sy ha de fluit fierstente ticht by de mûle en dan ha se fluite foardat se yn de gaten ha wêrfoar't se fluite ha."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)