Marit Bouwmeester is gjin wrâldkampioen yn de Laser Radial

20 apr 2016 - 22:30
  • Marit yn aksje

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is der net yn slagge wrâldkampioen te wurden yn de Laser Radial-klasse. Se einige yn Meksiko op it fjirde plak.

Yn de foarlêste race gie it mis. Troch in min resultaat sakke se fuort nei it fiifde plak, en sa ferspile se har kâns op de einoerwinning. Yn de ôfslutende trettjinde race waard Bouwmeester tredde. Har konkurrinte de Britse Alison Young is de nije wrâldkampioene.

Bouwmeester wie earder wrâldkampioen yn dizze klasse yn 2011 en 2014. Op de Olympyske Spelen fan Londen wûn se sulver.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)