Oerlis Tyt'diel en ûndernimmers "is stap yn goede rjochting"

20 apr 2016 - 22:00

De gemeente Tytsjerksteradiel jout ta dat se de ûndernimmers op yndustryterrein Burgum-west net goed ynformearre ha oer de útwreiding fan it asylsikerssintrum dêr. Dat seit ûndernimmer Michel van Kammen, dy't woansdeitejûn mei sa'n tritich oare ûndernimmers op in byienkomst wie mei gemeente en COA. De ûndernimmers hiene om dy byienkomst frege. Se meitsje har soargen oer de feiligens, as it AZC útwreide wurdt.

De útwreiding is net mear te kearen. De ried hat der al in beslút oer naam. Undernimmers fan it yndustryterrein sille no mei minsken fan de winkelferiening, doarpsbelang en it COA alle moannen gear oer de aktuele stân fan saken. "Dit is in stap yn de goede rjochting," seit Van Kammen, "mar we binne der noch net."

Ynset is no om mei de gemeente Tytsjerksteradiel en it COA ta in feilich yndustryterrein te kommen, want neffens Van Kammen is dat no net it gefal. De ûndernimmers fielden har oerfallen troch de útwreiding fan it AZC. In wykmannich lyn ha se dêrom út protest de tagong nei it AZC blokkearre mei in kontener.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)