Fries om utens yn Ekwador: "Hiele lân stiet op syn kop"

20 apr 2016 - 21:02

De skrik sit der goed yn by Fries om utens Aldert Schriemer. Hy wennet sûnt fjouwer jier yn Ekwador, it lân dat sneon troffen is troch in grutte ierdbeving fan 7,8 op de skaal fan Richter. "It hiele lân stiet op syn kop, 80 oant 90 prosint fan de stêd dy't troffen is, leit yn pún", fertelt Schriemer, dy't earder yn Tytsjerk wenne.

Schriemer wennet sels yn haadstêd Quito. Nettsjinsteande dat dy stêd 170 kilometer eastlik leit yn ferliking mei it episintrum, wie de beving ek dêr te fernimmen.

"Minsken giene hjir de strjitte op. It duorre ek bêst wol lang, nammentlik langer as minút. Wy laken der earst wat om, mar in dei letter waard dúdlik hoe grut oft de beving wie."

Neiskokken

No, fjouwer dagen letter, wurdt it gewoane libben yn Quito wer wat oppakt. De beving bliuwt allinne wol it petear fan de dei. "Yn de supermerken keapje minsken allegear produkten dy't nedich binne yn it troffen gebiet. Eltsenien praat der oer en op de telefyzje sjogge je oeral deselde bylden fan de problemen. Eltse dei wurde der noch wer oerlibbenden fûn, mar der lizze ek in protte deaden en ferwûnen op strjitte." Yn de nacht fan tiisdei op woansdei hat der noch in flinke neiskok west fan 6,2 op de skaal fan Richter. "Mei elkoar ha der noch sa'n 150 neiskokken west sûnt sneontejûn", wit Schriemer.

De 26-jierrige Schriemer wurket foar Local Dreamers, in stichting dy't derfoar soarget dat earme bern ek nei skoalle kinne. Se binne in ynsammelaksje begûn. Mei it jild wolle se it Ekwadoriaanse Reade Krús helpe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)