SC Cambuur fierder yn problemen nei winst fan De Graafschap

20 apr 2016 - 20:24

De problemen foar SC Cambuur yn 'e earedifyzje wurde hieltyd grutter. Konkurrint De Graafschap spile woansdei út bij FC Utrecht. De Doetinchemmers wûnen mei 2-0, wêrtroch't de efterstân fan Cambuur op De Graafschap no fiif punten is. Dat betsjut dat Cambuur noch minimaal twa fan de trije lêste kompetysjewedstriden winne moat.

Tongersdei spylje de Ljouwerters thús tsjin Willem ll en dêrnei noch tsjin PSV en Excelsior. De Graafschap treft AZ en Ajax noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)