Fryske Twitterdei: ek Doutzen Kroes docht mei

21 apr 2016 - 00:06

Foar de fyfde kear op rige is it wer Fryske twitterdei. Fan moarns ier oant jûns let wurdt elkenien op dizze tongersdei op Twitter frege berjochten yn it Frysk te pleatsen. Jorrit Bergsma en Doutzen Kroes dogge mei.

Dit jier dogge ek oare lytsere talen mei oan de Twitterdei. Organisaasjes út Kataloanië, Baskelân, Galisië, Ierlân, Wales, Skotlân en Cornwall wurkje mei. Om it ynternasjonale karakter op dizze Twitterdei krêft by te setten wurdt neist de hashtag #Frysk ek #TIML2016 brûkt. Dat stiet foar 'This is my language'.

Trefwurden: 
Fryske Twitterdei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)