Frouljusteam fan SC Hearrenfean wol 10.000 man publyk

20 apr 2016 - 19:08

It frouljusteam fan SC Hearrenfean wol in nij rekôr delsette. Oant no ta hiene de fuotbalsters fan it Fean mei 6.000 man publyk de measte besikers by in earedifyzjewedstriid yn Nederlân. Lêsten gie ADO Den Haag dêr mei 250 besikers oerhinne. No wolle de Feansters spylsters dat rekôr werom.

Freed 13 maaie fuotbalje de froulju op it Fean tsjin FC Twente yn it Abe Lenstrastadion. Fia Facebook roppe se besikers op om nei dy wedstriid te kommen. It stribjen is dat der 10.000 man publyk komt.

"It is in eare om foar safolle publyk te spyljen en it is goede promoasje foar it frouljusfuotbal" seit Lysanne van der Wal fan De Jouwer. Se sit by it team.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)