Achtkarspelen freget romte foar flechtlinge-opfang

De gemeente Achtkarspelen freget minsken dy't romte ha foar flechtlinge-opfang om har te melden. Der moat opfang komme kinne foar 300 oant 350 minsken. As der gjin geskikte lokaasje nei foaren komt, sil it kolleezje de needopfang op De Swadde by Bûtenpost fierder útwurkje. Op termyn moat dizze needopfang in folweardich asylsikerssintrum wurde kinne, skriuwt de gemeente. Ynwenners ha oant 4 maaie de tiid om te reagearjen.
Net alle lokaasjes binne geskikt foar flechtlinge-opfang. Der is twa-en-in-heal oant trije bunder grûn nedich yn de direkte omkriten fan de bebouwing. Dy moat foar fiif oant tsien jier beskikber wêze, tsjin in akseptabele hierpriis, seit de gemeente. Iepenbier ferfier en in sintrum meie net mear as in healoere fytsen fuort wêze, en medyske soarch, supermerk en basisûnderwiis moatte te gean binnen 30 minuten te berikken wêze. It leafst hat de gemeente in lokaasje dêr't se fuort mei it bouwen begjinne kinne.
Mei it COA sil de gemeente yn maaie de oanbeane lokaasjes beoardielje. Yn oktober nimt de ried in definityf beslút.