"Oandielhâlders moatte aksje ûndernimme by Caparis"

20 apr 2016 - 17:13

De oandielhâlders moatte har ferantwurdlikheid nimme en aksje ûndernimme by Caparis fynt Jan van Olffen, Ljouwerter riedslid foar Verenigd Links. De sosjale wurkfoarsjenning sit wer yn in bestjoerlike krisis. De ûndernimmingsried sprekt fan in eangstkultuer en seit dat se ferskate kearen fergees oankloppe ha by de acht gemeenten dy't oandielhâlder binne. Ek hat de ried fan kommissarissen de kandidaat fan de ûndernimmingsried wegere as lid fan de ried.

Bestjoerlike problemen

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert, de grutste oandielhâlder fan Caparis, seit dat de ûndernimmingsried yn reguliere gearkomsten noait in sinjaal jûn hat oer eangstkultuer en wol der net op reagearje. Hy fynt dat de ûndernimmingsried it mei de ried fan kommissarissen oplosse moat. Foarsitter dêrfan is Robert Veenstra, âld-direkteur fan SC Hearrenfean en Stenden University.

Twa direkteuren binne op non-aktyf steld troch de nije direkteur Ben Gerrits. Wêrom't dat sa is, is net dúdlik. Der wurdt praat oer 'onregelmatigheden'. Jan van Olffen fynt ek dit in rare saak en sil skriftlike fragen stelle oan it kolleezje fan b. en w. fan Ljouwert oer de gong fan saken en wat de oandielhâlders der mei dwaan sille. Neffens him moat der no yngrepen wurde omdat it om minsken yn in kwetsbere posysje giet dy't in ûnwisse takomst ha troch alle besunigings en reorganisaasjes.

Earder wiene ek al bestjoerlike problemen by Caparis. Yn 2013 stapte direkteur Wilco de Vreeze op fanwege fermiende belangeferfrisseling. Feline jier stapten fjouwer kommissarissen op. Allinnich Robert Veenstra bleau sitten en is no foarsitter fan de ried fan kommissarissen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)