Feanwâlden krijt bankjes mei teksten fan Theun de Vries

© Facebook, Winkelhart Feanwâlden
De bankjes yn it Grienpaviljoen oan de Koemarkt yn Feanwâlden komme werom. Op 26 april, de bertedei fan Theun de Vries, wurde se pleatst. Op de bankjes binne tekstfragminten fan de skriuwer set. Dy fragminten komme út fersen fan Theun de Vries (1907-2005).
De skriuwer is berne yn Feanwâlden en liet in grut oeuvre nei lykas de roman 'Het meisje met het rode haar'. Ek skreau er koarte ferhalen en gedichten. Op de Koemarkt stiet sûnt ferline jier it Grienpaviljoen, in groeikeunstprojekt fan keunstner Merijn Vrij.