CDA wol ekstra jild foar plysje om noarm te heljen

Twadde Keamerlid Madeleine van Toorenburg fan it CDA wol ekstra jild foar de plysje en besteande besunigings skrasse. Allinnich sa kin de plysje ek yn Fryslân syn eigen noarm helje om binnen in kertier te plak te wêzen nei in melding by 112.
Yn in debat mei minister Van der Steur hat Van Toorenburg oanjûn dat it net akseptabel is dat de plysje yn Fryslân yn 35 prosint fan de gefallen te let komt. Ynwenners fan Fryslân betelje ek belesting, dus ha se neffens Van Toorenburg ek rjocht op in adekwate helpferliening troch de plysje.
De Twadde Keamer hat mei de minister ôfpraat dat hy yn in earder stadium mei ynformaasje komt oer ferbetteringen. Heechnedich, fynt Van Toorenburg. Sy seit dat de besunigings fan it kabinet der foar soarge hawwe dat de plysje faker te let komt en dat der minder misdriuwen oplost wurde.