Earste peal foar Van der Valk-hotel yn Ljouwert is slein

De earste peal is woansdeitemiddei slein foar it nije Van der Valk-hotel yn Ljouwert. De bou liet op him wachtsje omdat Van der Valk der earst wis fan wêze woe dat de Heak om Ljouwert der komme soe. Pas doe't dat yn kalk en semint wie, binne se mei de plannemakkerij begûn.
It moat in duorsum gebou wurde. Op de gevels komme spesjale plakken foar flearmûzen en njonken it hotel moat in bijehotel komme. Wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert ferwachtet dat it nije hotel ek wer oare bedriuwen nei de stêd lûke sil.