'Grûn' op herhelling, premjêre foar Tamara Schoppert

'Grûn', de jubileumfoarstelling fan Tryater © Omrop Fryslân
Aktrise Tamara Schoppert krijt dochs noch de kâns om de haadrol te spyljen yn de jubileum-foarstelling 'Grûn' fan Tryater. Schoppert rekke ferline jier krekt foar de premjêre fan' Grûn' slim blessearre, se skuorde har achillespees ôf. Lysbeth Welling naam har rol oer.
'Grûn' is in fjouwer oeren duorjende kroanyk oer it libben fan twa boerefamyljes. De foarstelling is makke yn it ramt fan it 50-jierrich bestean fan Tryater. De foarstellings wienen sa gau útferkocht, dat Tryater besletten hat om ein maaie trije ekstra útfierings te dwaan
By de ekstra foarstellings ûntbrekt wol akteur Joop Wittermans. Hy moat noch herstelle fan in operaasje. Syn rol wurdt dêrom spile troch Peer van den Berg.