Lieuwe Westra kin toch starte yn de Waalse Pijl

20 apr 2016 - 12:01

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje start woansdei dochs yn de Waalse Pijl. Westra waard dit wykein siik en moast dêrom de Amstel Gold Race sjitte litte. Hy ferwachte net dat hy op tiid better wêze soe om te starten yn de Waalse Pijl, mar dat foel dus ta, hy is wer fit genôch.

Westra rydt de Waalse Pijl as tarieding op de Ronde van Romandië. Dêr soe er him yn earste ynstânsje rjochtsje op it klassemint, mar fanwegen de gryp hat hy him net goed tariede kinne. Dêrom giet er er yn de Ronde van Romandië no foar in dei-oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)