"Provinsje betellet projekten dy't ôffalle by KH2018 net"

20 apr 2016 - 11:17

De provinsje sil gjin subsydzje jaan oan projekten dy't by de stichting Kulturele Haastêd 2018 bûten de boat falle. Dat seit deputearre Sietske Poepjes yn reaksje op fragen fan steatefraksjes.

"De provinsje plust net by", seit Poepjes, dy't tajout dat de inisjatyfnimmers fan projekten dy't gjin jild krije fan de Kulturele Haadstêd-stichting, de refleks ha om nei de wegering by de provinsje oan te klopjen.

Oant no ta binne 45 projekten troch de stichting Kulturele Haadstêd befêstige.Yn totaal is dêr 23 miljoen euro by belutsen, sa'n 80 prosint fan it totale programmabudzjet.

Poepjes seit yn reaksje op fragen fan CDA-steatelid Wim Eilering dat de regionale sprieding fan de projekten goed is. Allinnich Súdeast-Fryslân leit wat achter, fertelde de deputearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)