Marit Bouwmeester pakt kopposysje op WK net werom

Marit Bouwmeester waard yn 2015 sportfrou fan it jier © Delta Lloyd Images
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is der tiisdei net yn slagge om de kopposysje op it WK werom te pakken. Bouwmeester hie in wat mindere dei en helle yn twa races in 6e en in 17e plak. De sylsters yn de Laser Radial meie de twa minste resultaten ôflûke fan it totaal, mar om't se earder ek al twa kear 17e waard, bliuwt dizze lêste stean.
Se hat no in totaal fan 34 punten, trije mear as de koprinner Paige Railey. Nûmer trije, Alison Young, folget Bouwmeester op trije punten. Der komme noch trije races oan.