Gjin plak foar Jesper Hospes by nije Plantina-ploech

20 apr 2016 - 07:06
  • Jesper Hospes

De takomst fan reedrider Jesper Hospes is noch altyd ûnwis. Syn sprintploech fan Gerard van Velde en it allroundteam fan Gianni Romme gean de kommende twa jier fierder mei haadsponsor Plantina. It is noch net hielendal dúdlik hokker reedriders yn it nije team komme, mar wol is bekend makke dat de takomst fan Jesper Hospes ûnwis is.

Yn de nije Plantina-ploech is wol plak foar de oare leden fan de Beslistploech lykas de bruorren Mulder en Kai Verbij. Allroundsters Yvonne Nauta en Janine Smit út de Continu-ploech krije ek in oanbieding.

Op schaatsen.nl binne alle feroarings yn de reedriidploegen te folgjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)