Provinsje wol nije oanpak foar fluch ynternet

19 apr 2016 - 21:42
  • Glêsfezel

De provinsje komt mei in oare oanpak om de oanlis fan fluch ynternet yn Fryslân fan de grûn te krijen. De provinsje wol mear gearwurkje mei gemeenten en in partij út de merk.

Dat moat der ta liede dat oer trije jier 95 prosint fan alle wite gebieten yn Fryslân, dêr't no noch gjin ynternetferbining is, in glêsfezelferbining leit. It giet om mear as 30.000 adressen.

De provinsje wurket noch oan in plan fan oanpak. Dat moat ein maaie klear wêze. In eardere oanpak, mei in grutte rol foar lokale inisjativen, slagge net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)