VNG: Net bliid mei ôfwizing azc Wytmarsum

19 apr 2016 - 20:47

De feriening fan Nederlânske gemeenten (VNG) is net bliid mei it beslút fan de gemeente Súdwest-Fryslân om ôf te sjen fan in azc yn Wytmarsum. Jos Wienen, foarsitter fan de VNG-kommisje Asiel en Integratie, seit dat er begryp hat foar it beslút, mar dat it net in goed sinjaal is.

Hy is bang dat der fan de ôfwizing fan it azc yn Wytmarsum in presedintwurking útgiet. As oare gemeenten ek ôfsjogge fan in azc om't de ynwenners dat wolle, sil dat as gefolch hawwe dat it Ryk de opfang fan asylsikers opleit oan de gemeenten.

Angst foar azc

Dat is neffens Wienen net winsklik, om't it de opfang fertraget. It ôfsjen fan in azc is ek net nedich, fynt er. Op de measte plakken dêr't gemeenten en COA in asylsikerssintrum hawwe wolle, binne gjin feitlike beswieren tsjin in azc. "Wij hopen dat de discussie gevoerd wordt op basis van feiten en niet op basis van angst", sa seit Wienen.

COA

It COA sei earder op tiisdei dat se gjin noed hawwe dat der temin plakken yn Fryslân binne om asylsikers op te fangen.

Trefwurden: 
AZC Wytmarsum VNG Jos Wienen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)