Winkeldieven oanhâlden yn Ljouwert

19 apr 2016 - 18:29

De plysje yn Ljouwert hat tiisdei trije winkeldieven oanhâlden. In 66-jierrige frou waard op it Hoeksterpaad oanhâlden foar it stellen fan guod mei in wearde fan 1,40 euro. In 53-jierrige frou út de stêd waard trapearre op stellerij fan tsiis yn in winkel oan de Van Loonstrjitte. In befeiliger fan in winkel oan de Nijstêd hâlde in 41-jierrige Ljouwerter oan foar it stellen fan rûkersguod.

Trefwurden: 
plysje stellerij Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)