Opsterlân ferkeapet oandielen Enexis

19 apr 2016 - 17:44
  • Enexis

De gemeente Opsterlân ferkeapet har oandielen yn enerzjynetbehearder Enexis foar 1,1 miljoen euro. De opbringst giet nei de algemiene middelen op de gemeentebegrutting.

De gemeente nimt letter in beslút oer wat se mei it jild dwaan sil. Netbehearders Liander en Enexis ha gebieten ruile, wêrtroch Enexis net langer aktyf is yn Fryslân. Fryske gemeenten krigen dêrmei de mooglikheid om harren oandielen te ferkeapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)