30 miljoen euro foar Fryske diken

De provinsje stelt 30 miljoen ekstra beskikber foar feiliger diken yn Fryslân. Mear as santich diken en krúspunten wurde oanpakt, foar de ûnfeilichste kategory komt 19 miljoen frij. Sa komme der bettere markearringen en stevige berms.
Earder joech de ANWB al oan dat der foar de ferkearsfeiligens yn Fryslân 90 miljoen op it kleed komme moat. De provinsje hat yn 'e mande mei it Fytsersbûn, Veilig Verkeer Nederland en de gemeenten se knipepunten gearstald.
Foarbylden fan stikken dyk dy't feiliger makke wurde sille, binne de trajekten Sondel - De Lemmer, Doanjum - Tsjummearum en it trajekt Boalsert - Warkum op de Sudergoawei.
Stagnaasje tal ûngelokken
It doel is om úteinlik minder ûngelokken op de Fryske diken te krijen. Neidat it oantal ferkearsslachtoffers de lêste jierren bot omleech gien is, stagnearret dy delgong de lêste tiid.