SC Hearrenfean woansdei sûnder St. Juste tsjin Ajax

19 apr 2016 - 11:14

Sportklup Hearrenfean moat it woansdei yn de wedstriid tsjin Ajax dwaan sûnder Jerremiah St. Juste. De middenfjilder rûn tsjin Excelsior in blessuere op oan syn ankel. De Noar Morten Thorsby wurdt syn ferfanger.

Fierder feroaret Foppe de Haan neat op syn opstelling tsjin de koprinner. Ajax is yn fûle striid om de titel mei PSV.

Opstelling: Mulder, Marzo, Otigba, Van Aken, Bijker, Van den Boomen, Thorsby, Van den Berg, Zeneli, Te Vrede en Larsson.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)