Bouwmeester rekket kopposysje kwyt by WK yn Meksiko

Marit Bouwmeester © Ocean Images (Argyffoto)
Sylster Marit Bouwmeester is har kopposysje kwytrekke by it WK yn Meksiko. Yn de Laser Radial-klasse kaam se yn de achtste race as 17e oer de finish. In wedstriid letter waard se twadde, mar dat is yn de tuskenstân net genôch foar it earste plak. Dy is no yn hannen fan de Britse Alison Young.
Der folget noch ien beslissende race. De wrâldkampioenskippen foar de kust fan Puerto Vallarta duorje oant en mei woansdei.