Frachtwein kantelet yn 'e berm op N31 by Marsum

19 apr 2016 - 08:27

Op 'e N31 by Marsum hat tiisdeitemoarn in ûngelok west mei in frachtwein. De frachtwein kantele en kaam yn 'e berm telâne. In freesmasine, dy't mei in oplizzer ferfierd waard, rekke ek los. Bergers hawwe de frachtwein yntusken wer oerein setten. De freesmasine leit noch yn de berm en sil fuort takele wurde. 

Troch it ûngelok wie in rydbaan ôfsletten. Automobilisten moatte rekke hâlde mei file en fertraging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)