Goud foar Epke Zonderland by olympyske kwalifikaasje yn Rio

19 apr 2016 - 08:03

Turner Epke Zonderland hat moandeitejûn yn Rio de Janeiro in gouden medalje pakt by de tastelfinale fan it olympysk kwalifikaasjetoernoai. De 30-jierrige Zonderland wie de bêste oan 'e rekstôk mei in skoare fan 15.733. Nei moannen fan fysike problemen liet de Lemster sjen dat syn foarm oan it groeien is.

''Ik fiel my goed en wie nei de oefening eins net wurch", sei Epke Zonderland nei it beheljen fan syn gouden medalje.

Sanne Wevers wie de bêste op de balke. Har suske Lieke waard tredde.

 

A video posted by Epke Zonderland (@epkez) on

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)