Oldtimer yn 'e jiske lein yn Burgum

© 112Fryslân.nl
Oan de Langeleane yn Burgum is moandeitejûn in oldtimer folslein yn 'e jiske lein. De antike auto stie parkearre by in skuorre. De brânwacht wie nei de melding gau oanwêzich, mar doe kamen de flammen al út de oldtimer. Trochdat it fjoer gau ûnder kontrôle wie, koe foarkommen wurde dat de brân oersloech nei de skuorre.
De plysje hat in 41-jierrige man út Burgum oanhâlden. De man ferklearre tsjinoer de plysje dat hy ferantwurdlik wie foar de brân is en is meinommen nei it buro.